Tialda Hoogeveen nije Berneboeke-ambassadeur
Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei-elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”
Oer Tialda Hoogeveen
Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is sjoernalist, redakteur en skriuwer. Om bern entûsjast te meitsjen foar boeken en ferhalen wurke se in tal jierren as Skoalskriuwer oan Fryske basisskoallen. Hoogeveen skreau ferskate boeken foar bern en folwoeksenen. Koartlyn fersoarge sy de Fryske oersetting fan it Oekraynsk printeboek ‘Maia en har freonen’ en ferskynde fan har hân ‘Abe en de Aardichman’, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder. Sjoch ek www.tialdahoogeveen.nl.
Berneboeke-ambassadeur
Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.
De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.