Tsead Bruinja skriuwt Boekenweekgedicht 2023
Direkteur stichting CPNB Eveline Aendekerk: ‘Het Boekenweekthema ‘Ik ben alles’ nodigt je uit om stil te staan bij wie je bent. Met het gedicht ‘Anders ben ik met jou’ weet Tsead Bruinja verschillende versies van het ik gezicht te geven en toont hij op een prachtige en pakkende manier de veelzijdigheid van het individu in relatie met de ander.’
Nederlânsk en Frysk
Twatalichheid is in reade trie yn it wurk fan Bruinja. By syn beneaming as Dichter des Vaderlands (2019) sei Bruinja dat hy altyd ynteresse hân hat yn twatalichheid en dat him dat in bettere dichter makke hat. Tsjin Trouw sei hy dat hy de kâns om yn it Frysk te dichtsjen net rinne litte woe.
Yn maart ferline jier ferskynde by útjouwerij Afûk noch syn twatalige dichtbondel Ynbêde / Ingebed. Sjoch foar libben en wurk ek op www.tseadbruinja.nl en www.sirkwy.frl.