Foarlêsmiddei yn de Prinsetún!
Komst ek (mei dyn bern) nei ús foarlêsmiddei yn de Prinsetún? Tusken 14.00 en 16.00 oere sille ferskate foarlêzers út it nije Tomke-boekje, it nije Keimpe-boekje of in oar moai Frysk berneboek foarlêze oan bern. Allegearre lêze sy in oantal kear foar en fansels meist oeral in kear oanskowe. Nei it foarlêzen kinst by de Afûk-winkel noch in kadootsje ophelje én alle bern kinne har dêr ferklaaie. De Afûk-winkel is nammentlik spesjaal foar Uit in Huis dizze dei iepen foar it winkeljend publyk.
De foarlêsmiddei is net allinnich in ûnderdiel fan Uit in Huis, mar ek fan de Lês-mar-foar-wiken, dy’t plak fine fan 9 o/m 27 septimber. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Yn de biblioteken binne yn dy perioade allegear moaie foarstellingen foar bern. Mear ynfo oer de Lês-mar-foar-wiken en alle aktiviteiten fynst op: www.lesmarfoar.frl.
Want wat is der no moaier as foarlêzen (wurde)? Boppedat is foarlêzen ien fan de bêste aktiviteiten om de taalûntwikkeling fan bern te stimulearjen, hielendal de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Lês mar foar dus!
Wy meitsje der in hiele gesellige middei fan, dus kom nei de Prinsetún op 14 septimber! Foar alle leeftiden, mar spesjaal geskikt foar bern fan 2 o/m 8 jier. De foarlêsmiddei fynt plak by de yngong fan de Prinsetún, neist it Historisch Centrum Leeuwarden.