Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn 'e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy't yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy't lânseigen binne yn 'e súdeastlike râne fan 'e provinsje.

It Stellingwerfsk is dêrfan it grutst en bekendst, mar fierders wurdt yn eastlik Kollumerlân in foarm fan Westerkertiersk sprutsen dy’t wol betitele wurdt as Kollumerlânsk, wylst it doarp Kollumerpomp syn eigen dialekt hat, it Pompstersk. Dêrnjonken binne der dan noch de Hollânske dialekten, wêrfan’t it no útstoarne Flylânsk as Westfrysk klassifisearre wurde kin, wylst it Midslânsk, Amelânsk, Biltsk en Stedsk mei-inoar de Hollânsk-Fryske mingdialekten foarmje.

Yn de Streektaalatlas (2014) fan de Provinsje Fryslân fynst de aktuele stân fan saken oer de behearsking en it gebrûk fan de streektalen yn Fryslân.

Alles oer it Stellingwerfsk kinst fine op Wikipedia. De Stellingwarver Schrieversronte is ‘et belangriekste instituut veur tael, literetuur, geschiedenis, volkskunde en identiteit van Stellingwarf’.

Mear ynformaasje oer it Biltsk fynst op Wikipedia. In nijsgjirrich artikel oer de fraach oft it Biltsk in selsstannige taal is kinst hjir lêze. De stichting Bildts Aigene set him yn ‘foor alles wat Bildts waar, is en blive mot’. Foar it neisjen en oersetten fan teksten yn it Biltsk kinst terjochte by BildtTaal.

It Stedsfrysk wurdt ek goed omskreaun op Wikipedia. It Historisch Centrum Leeuwarden hat in protte links sammele oer it Leewadders. De feriening Oud Harlingen hat in boekje makke oer it Harlinges. It Hylpersk is ek te finen op Wikipedia, lykas by de stichting tot Behoud van Immaterieel Erfgoed Hindeloopen.

In nijsgjirrich artikel oer ûndersyk nei de dialekten op de Waadeilannen fynst hjir.

Kontaktfariëteiten
De Fryske Akademy hat yn opdracht fan ’e Taalunie in ûndersyk útfierd nei de taalkundige posysje en it funksjonearjen fan ’e saneamde kontaktfariëteiten Frysk-Nederlânsk yn Fryslân. It rapport fan ’e Fryske Akademy (2019) jout ûnder oare in beskriuwing fan ’e kontaktfariëteiten yn Fryslân en in oersjoch fan ’e brûkers, besteande boarnen en basismaterialen, en fan partijen en organisaasjes dy’t mei kontaktfariëteiten oan ’e gong binne. Dêrnjonken jout it rapport in oanset ta in earste dokumintaasje-, ûndersyks- en ûntwikkelingswurklist.

De kontaktfariëteiten dy’t yn it rapport bestudearre wurde, binne: it Stedfrysk (fan Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, It Hearrenfean, Kollum, Ljouwert, Snits en Starum), it Biltsk, it Amelânsk, it Midslânsk (Skylge) en it Súd-Lauwerslânsk.

Download it rapport hjir: NTU 2019 – Fries-Nederlandse contactvariëteiten in Fryslan