Foto: Istock Book shelves in library. Creativity Background Concept

11 kandidaten selektearre foar literêre Piter Jellespriis 2019

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
4 novimber 2019
Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de ‘Piter Jellespriis voor de Letteren’. Under de kandidaten sitte trije produksjes fan de Afûk, Kapstôk fan Tsead Bruinja, Ynbyld fan Elske Kampen en De parallaks fan Janneke Spoelstra. Dêrneist wie de Moanne belutsen by it projekt Project Poetic Potatoes. De Piter Jellespriis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt en kin beskikber stelt wurde foar alle fasetten en sjenre fan en aktiviteiten op it gebiet fan de letteren yn de Fryske en Nederlânske taal.

De sjuery hat in seleksje makke fan alve skriuwers, kollektiven en projekten. De sjuery wol hjirmei it ferskaat fan it Fryske literêre fjild sjen litte. De seleksje is:

  • Tsead Bruinja – Kapstôk: gedichten (2018)
  • Josse de Haan – Reade snie en swarte hagelstiennen: novelle (2016)
  • Elske Kampen – Ynbyld: gedichten (2017)
  • Sipke de Schiffart – Oan dy tinke leafdesgedichten dy ’t it bestean wat lichter meitsje (2017)
  • Jannie Regnerus – Nachtschrijver: roman (2017)
  • Collectief Heksenhamer – ferskaat oan teäter- en lietteksten
  • Willem Schoorstra – De nacht fan Mare (2017)
  • Janneke Spoelstra – De parallaks (2019)
  • Project Poetic Potatoes. Poetry in potato bags (2018)
  • Hans Brans – Oera Linda: The mjoesikul (2019)
  • Peter Sijbenga – ferskillende teksten, û.o. Mattheus-oersetting NNO (2018), Oeds fan fierwei (2018), teksten berne-iepenloftspul (2014-heden)

De sjuery 2019 bestiet út Kirsten van Santen, Coen Peppelenbos en Goffe Jensma.