Skriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding
De Skriuwersfakskoalle is yn 2021 úteinset as inisjatyf fan Leeuwarden City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. De oplieding hat yntusken studinten yn meardere learjierren. De Skriuwersfakskoalle giet fan 1 july 2024 ôf fierder ûnder de flagge fan de lanlike Schrijversvakschool. Dy organisaasje biedt al mear as 40 jier in dieltiidoplieding rjochte op it profesjoneel skriuwerskip. Tresoar en Leeuwarden City of Literature biede as partner struktureel stipe oan de Skriuwersfakskoalle. Schrijversvakschool Groningen gie earder al op yn de, yn Amsterdam fêstige, Schrijversvakschool.
Mearjierrige oplieding en losse kursussen
Mei de gearwurking wolle de organisaasjes de Skriuwersfakskoalle de kommende jierren fierder ûntwikkelje ta in folweardige Frysktalige fakoplieding. Neist de mearjierrige dieltiidoplieding sil de Skriuwersfakskoalle losse skriuwkursussen en aktiviteiten oanbiede. Dêrby wurdt it foar studinten en kursisten mooglik om neist de Frysktalige modulen te kiezen foar in Nederlânsktalige of meartalige module of kursus. De Skriuwersfakskoalle siket foar de oplieding en aktiviteiten de gearwurking mei oare partijen út it Fryske literêre fjild. Mei dizze stappen wol de Skriuwersfakskoalle noch mear (aspirant)skriuwers yn Fryslân de kâns biede harren skriuwtalint (troch) te ûntwikkeljen.
Takomst foar Frysk literêr talint
Ernst Bruinsma, direkteur fan Leeuwarden City of Literature: “In belangrike poat ûnder ús belied hat fan it begjin ôf oan profesjonalisearring west. Dat dogge wy ûnder oaren mei workshops, mar it wichtichste is de Skriuwersfakskoalle. Ik bin bliid dat wy dy no in moaie takomst jûn hawwe.”
rjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar: “Der binne in hiel soad fantastyske Nederlânske skriuwers dy’t it fak leard hawwe by de Schrijversvakschool. Mei de Skriuwersfakskoalle soargje we dat dit bysûndere ûnderwiis no ek berikber is foar elkenien dy’t op in heech nivo Frysk skriuwe wol.” H
ans Hogenkamp, direkteur fan de Schrijversvakschool: “De Schrijversvakschool is blij met deze samenwerking en kijkt ernaar uit zich nu ook in te gaan zetten voor de begeleiding van literair talent in het Friese taalgebied.”
Partners mei ûnderfining
De Schrijversvakschool biedt al mear as 40 jier in dieltiidoplieding rjochte op it profesjoneel skriuwerskip. Leeuwarden UNESCO City of Literature bout oan in duorsume en stevige literêre ynfrastruktuer yn Fryslân. Tresoar, Literatuermuseum, argyf en biblioteek Fryslân, wurket oan kolleksjemanagement, publyksaktiviteiten en it befoarderjen fan de Fryske literatuer.
Op de foto f.l.n.r.: Ernst Bruinsma, Pauline Durlacher, Vincent Kortmann, Jitske de Hoop, Hans Hogenkamp en Arjen Dijkstra, by it ûndertekenjen fan de gearwurkingsoerienkomst. Foto: Hoge Noorden, Jacob van Essen.