32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
5 oktober 2023
Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature ‘Utsteld gelok’: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje te meitsjen foar in bondel. Op tongersdei 5 oktober oerlange Pröpper it earste eksimplaar fan sawol de Nederlânsktalige as de Frysktalige blomlêzing oan Ljouwerter boargemaster Buma. De bondels binne útbrocht troch Utjouwerij Afûk en no te keap yn de boekhannel.

De skriuwers dy’t Ljouwert City of Literature útnûge om in ferhaal te skriuwen, kamen út Fryslân, Nederlân en oare lannen. Ynspiraasjeboarne wie Bocaccio’s Decamerone. Henk Pröpper makke net allinne in seleksje út de hûndert ferhalen, mar skreau ek in ynlieding: “U zult er een aantal lijnen in ontdekken, samen vormen ze een groter verhaal, het verhaal van onze tijd. Het is mooi, soms indrukwekkend, soms beangstigend om te zien hoe schrijvers een wereld in crisis ontleden en welke methoden, welke paradijzen ze ontwerpen, ofwel om aan de tijd te ontsnappen, ofwel om die juist onder ogen te zien.” Pröpper, dy’t yn Parys wennet, wie yn syn karriêre ûnder mear direkteur fan it Institut Néerlandais, it Nederlands Letterenfonds en útjouwerij De Bezige Bij. Hy is dêrneist resinsint by de Volkskrant.

Yn de blomlêzing binne ferhalen opnommen fan ûnder mear Annelies Verbeke, Albertina Soepboer, Cynan Jones, Jannie Regnerus, Etgar Keret en Rob van Essen. Sawol de Nederlânsktalige as Frysktalige bondel is fan 6 oktober ôf te krijen by útjouwerij Afûk (yn de winkel en de webshop), Boekhannel Van der Velde en by oare webwinkels en boekhannels.

Oer Utsteld gelok
Foar Utsteld gelok liet Ljouwert City of Literature troch hûndert skriuwers in koart ferhaal skriuwe. Dy waarden yn de hûndert Arcadia-dagen hieltyd yn in oare tún yn Fryslân foarlêzen. It literêre projekt luts goed 3.600 besikers. De ferhalen binne noch altyd te beharkjen yn de taal dêr’t se yn ferteld binne en te lêzen yn trije talen (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) op uitgesteldgeluk.nl.

Foto van de Uitgesteld geluk-middag in Pluk- en Theetuin Vreedebest, Bornwird (21 mei ’22). Fotograaf Marcel Renou.