3 Afûk-titels nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
4 juny 2019
Utjouwerij Afûk is mei trije fan de fiif nomimearre titels foar de Gysbert Japicxpriis 2019 sterk fertsjintwurdige om kâns te meitsjen op de belangrykste literêre priis fan Fryslân. Fan ’t jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza. De Gysbert Japicxpriis wurdt op 16 novimber 2019 yn Boalsert útrikt. 

De nominearren binne (yn alfabetyske folchoarder):

Skriuwer: Hein Jaap Hilarides
Titel: De trekker fan Troje
Utjouwer: Bornmeer

Skriuwster: Aggie van der Meer
Titel: De Achttjin
Utjouwer: Afûk

Skriuwster: Elske Schotanus
Titel: Wurk
Utjouwer: Afûk

Skriuwer: Nyk de Vries
Titel: Renger
Utjouwer: Afûk

Skriuwer: Ale S. van Zandbergen
Titel: Famke famke
Utjouwer: Het Nieuwe Kanaal

 

Sjuery
De nominearren binne selektearre troch in ûnôfhinklike sjuery. Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra beoardielen 70 Fryske proazaboeken út de perioade 2015 – 2018.

De Gysbert Japicxpriis is de meast wichtige priis fan de Fryske literatuer. De winner fan de Gysbert Japicxpriis ûntfangt in bedrach fan € 10.000,- en in oarkonde. De namme ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it provinsjaal bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis.

Bron: parseberjocht provinsje Fryslân