Nij printeboek fan skriuwer Paul van Dijk yn oantocht, bestelle kin no al
Berneboeke-ambassadeurFrije tiidLeare & ûnderwiis
19 oktober 2020
Begjin novimber ferskynt it nije printeboek Omke Ûle past op fan skriuwer Paul van Dijk by de Afûk. De haadpersoan yn it boek, de ûle, is benaud foar alles. Op in dei moat er op syn neefke passe dy’t wól wat fan de wrâld sjen wol. Mar doart omke Ûle dat wol? In prachtich printeboek datst net misse wolst! Dêrom kinst it no al yn ús websjop bestelle. Sa bisto aanst ien fan de earsten dy't it boek yn 'e hûs hat.
It is alwer in skoftke lyn dat der in autentyk Frysk printeboek ferskynd is. Van Dijk hat in jier oan it ferhaal wurke, it ferhaal is op rym en hy makket de kleurige yllustraasjes sels. In foarpriuwke dêrfan is hjirûnder te sjen.
Ferline wike wienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.
It Grut Frysk Diktee 2024 is wûn troch Nynke Duijff fan Damwâld. Mei mar 2,5 flaters wie dat resultaat goed foar it Gouden Dakje. Ekstra bysûnder om’t by Nynke in oantal jierren lyn de spiersykte ALS fêststeld is. Dêrtroch is sy har spraakfermogen sa goed as kwytrekke en ûnderfynt sy hieltyd mear problemen mei bewegen. […]