Winterwaar hâldt ek meiwurkers Afûkwinkel thús
Troch koroana wurkje de measte Afûk kollega’s thús. De kollega’s fan de winkel lykwols, binne fan moandeis oant en mei freeds oanwêzich foar ûnder oaren it ferwurkjen en ferstjoeren fan allerhanne bestellings en it beantwurdzjen fan de telefoan. Troch it barre winterwaar is it hjoed net ferantwurde om de reis nei Ljouwert te meitsjen en moatte de bestellings spitigernôch even lizzen bliuwe oant moarn. Mooglik binne wy ek telefoanysk wat minder goed te berikken. Wy rekkenje op jo begryp!