Taal is bepalend foar it wolwêzen fan minsken dy't soarch nedich hawwe. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat gefoel hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargers sprutsen wurdt.

Hoe kinst oanslute by dy memmetaal fan de soarchfregers, wat foar materialen kinst dêrfoar ynsette en hoe kinst dat brûke? Foar meiwurkers yn de soarch binne der bygelyks de workshops Taalbewustzijn – Taal yn it wurk en tweetalige conversatie. Foar soarchprofessional dy’t it Frysk (noch) net goed ferstean kinne, is der de gratis digitale introductiecursus Fries in de zorg. Mear ynformaasje oer taal yn de soarch fynst op www.friesindezorg.frl.