Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber

1 april 6 april 2022

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt … Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Op 1 en 6 april spilet de foarstelling Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta noch yn de Skâns op De Gordyk en yn MeM Bûtenpost. Nof dy foarstelling ferskynde earder by de Afûk de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun yn it Dútsk troch Ilse Weber en oersetten yn it Frysk troch Eppie Dam. Mear ynfo oer de foarstelling fynst hjir.