Wy binne op syk nei in projektmeiwurker ûnderwiis foar 24 oeren wyks. In ôfwikseljende baan yn in dynamyske organisaasje en − al sizze wy it sels − yn in superleuk team! Wat foar dy?
Sollisitearje kin oant 13 desimber o.s. Besjoch de fakatuere hjir.
Ferline wike wienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.
Krappe staazjefergoedingen, te min starterswenningen, oprinnende stúdzjeskulden… De jongerein fan no krijt in soad foar de kiezzen. Hoe komt it mei it klimaat? Fyn ik aanst wol in leuke baan? It binne allegear fragen dêr’tst goed oer yn petear kinst mei mbû-studinten. Dat bart ek by Firda. Mar wat wol de jongerein, as sy séls […]