Kinsto de Fryske aksinten pleatse op de kaart? Doch de test

Oer it Frysk
22 maart 2023
Kinsto hearre wêr't in Fries weikomt oan hoe't er praat? In test foar in wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy en Universiteit Utrecht lit dy sjen hoe goed oftsto de ferskillende Fryske aksinten teplak bringe kinst.

Tusken it iene en it oare doarp sitte somtiden al lytse ferskillen yn útspraak, tusken de iene en de oare kant de provinsje binne de ferskillen noch grutter. Om te sjen hoe goed oft Friezen de ferskate foarmen fan Frysk werkenne kinne, is dêrom dizze test opset.

“Wy binne eins wol hiel benijd oft minsken de Friezen teplak bringe kinne”, seit Martijn Kingma, dy’t foar de Fryske Akademy meihelpt oan it ûndersyk. “Kollega’s ha dit foar it Nederlânsk ek dien en doe kaam derút dat minsken dialekten fan it Nederlânsk ticht by harsels it bêste teplak bringe koene. Wy binne benijd oft dit hjir ek it gefal is. Foar it Frysk is dit noch nea earder dien.”

Kingma tinkt dat it foar it Frysk ek sa as by it Nederlânsk wêze sil: wat tichter oft je sels by de sprekker wenje, wat better oft je syn of har wenplak oan de hân fan it praten ynskatte kinne.

Harkje en set del
Yn de test krijst tsien audiofragminten te hearren. Do meist op de kaart fan Fryslân oanjaan wêr’tst tinkst dat de sprekkers wei komme. Ast wis bist fan dyn lokaasje, kinst him befêstigje. Hoe fier sitst dêr fanôf? Mar twa kilometer, of wol fyftich? Oan de ein krijst dyn skoare te sjen. Elkenien dy’t Frysk ferstiet kin meidwaan.

Doch de test >>>