Foto: provinsje Fryslân

Skriuwster Baukje Wytsma krijt keninklik lintsje

Oer it Frysk
29 novimber 2018
Skriuwster Baukje Wytsma (72) út Reduzum is tongersdei beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. By in byienkomst dy't foar har organisearre wie yn har wenplak rikte kommissaris fan de Kening Arno Brok de fersiersels út. Wytsma krige de keninklike ûnderskieding foar har grutte fertsjinste foar de Fryske taal.

Al sûnt mids santiger jierren hat Wytsma ûnder mear gedichtebondels, berneboeken, toanielstikken en lieten yn de Fryske taal skreaun. Dêryn komme in ferskaat fan maatskiplike ûnderwerpen oan de oarder. Ek hat se skreaun yn dei- en moanneblêden. Foar it jier fan Kulturele Haadstêd makke se de tekst foar ‘Hee daar!’, in teaterstik oer it keatsen, yn july opfierd op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

Yn 2007 krige se foar har ynset de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Se makke tsientallen boeken en liet de jeugd mei Frou Hilarides en Buorfrou Flap fierder yn ‘e kunde komme mei it Frysk.

Neffens kommissaris Brok hat Wytsma it Frysk tagonkliker makke foar in grutte groep: “Sûnder har wie it Frysk net wurden wat it Frysk no is.” Fanwegen har betsjutting foar it Frysk fûn de hear Brok it passend om te freegjen oft de beneaming barre koe yn it jier fan Kulturele Haadstêd.