Earste eksimplaar fan ‘It Grutte Foarlêsboek II’ yn ûntfangst naam troch Aart Staartjes
Ein 2018 waard in oprop dien oan alle (begjinnende) skriuwers en yllustratoaren fan Fryslân om in bydrage yn te stjoeren foar de nije edysje fan it foarlêsboek. Der waard massaal reagearre, yn totaal hawwe sa’n 166 minsken wurk ynstjoerd. In tekstredaksje besteande út Tjitske van Dijk, Hermien van der Meer en takomstich Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra beoardiele de teksten en joech guon skriuwers help by it ferbetterjen fan harren wurk. Yllustrator Marijke Buurlage soarge foar de byldredaksje.
Ta eare fan it 10-jierrich jubileum fan it tydskrift én online platfoarm heit&mem waard ôfrûne sneon in feestje holden foar Fryske âlders. Op it feest krige de Rypster akteur Aart Staartjes it earste eksimplaar oerhandige. Meneer Aart hie ek noch wol wat tips foar alle foarlêzende âlders: “Je moet je niet aanstellen en geen rare dingen doen, dat vinden kinderen niet leuk. Ouders die andere stemmetjes opzetten vinden ze ook niet leuk. Ja, je moet heel gewoon doen.”
‘It Grutte Foarlêsboek II’ is te krijen yn de Afûk-winkel of fia websjop.afuk.frl.