Soarchgroep Hof en Hiem stipet de Fryske taal mei Fryske webside
De Fryske taal stypje yn de regio
Soarchgroep Hof en Hiem hat har woartels yn de gemeente De Fryske Marren. De wensoarchsintra ha neist in wenfunksje ek in sosjale funksje foar de dorpen. Ek in protte meiwurkers fan Hof en Hiem komme ut ‘e buert. It Frysk spilet noch altiid in grutte rol yn it libben fan ‘e kliïnten, bewenners en meiwurkers. Om de taal bliuwend te stypjen, hat de soarchgroep no har grutske kommunikaasjemiddel, de webside, útwreide mei in Fryske ferzje. Mei tanksizzen oan de Provinsje Fryslân, foar de subsydzje dy’t Hof en Hiem krigen hat, koe starten wurde mei dit project. De Afûk soarge foar de Fryske oersettingen.