Dei fan de memmetaal

21 febrewaris

Elk jier wurdt troch de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale Memmetaaldei fierd. Dy dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferksaat en meartaligens. Talen binne it ynstrumint om it kultureel erfguod libben te hâlden. Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwe taalkundige en kulturele tradysjes bestean en wurde minsken har mear bewust fan de ferskillen tusken etnyske groepen. Dat laat ta mear begryp foar elkoar.