Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by De Cingel yn Menaam

30 maart

Yfm de korona-maatregels kin de besite fan de BBA net troch gean. Yn oerlis wurdt der in nije datum socht. Alle bern (groepen 1 o/m 8) fan o.b.s. De Cingel yn Menaam krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur op besite. De BBA sil foarlêze, fertelle en fragen fan de bern beäntwurdzje oer de tsien boeken út de Lêskoffer én oer har eigen wurk. Dat wurdt in super leuke dei! Wolsto dat ek? Nûgje de BBA dan ek út op dyn skoalle! Of by de bibleteek. Of by de boekhannel. Dyn feriening, kin ek. Of by in boekedei, foarlêswedstriid of foardrachtfestival of … Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.