Foto: Lucas Kemper

‘Fjoertoer yn it wâld’ is de nije dichtbondel fan Arjan Hut

Frije tiid
15 juny 2020
De presintaasje fan de nije dichtbondel fan de Ljouwerter skriuwer en dichter Arjan Hut (Drachten 1976) fûn freed 12 juny ll. plak as ûnderdiel fan in sfearfolle, útferkochte en tige slagge ‘sneak peek Fryske poëzy’ yn de Westertsjerke yn Ljouwert. Hut dielde dêr it poadium mei Elmar Kuiper en Sigrid Kingma dy’t ek foardroegen út nij wurk. Fjoertoer yn it Wâld is de fyfde bondel fan Arjan Hut en is ferskynd by útjouwerij Afûk.

ljocht waarmer as fjoer,
ljocht yn it ljocht,
ljocht dat fielt dat wy besteane,
ljocht dêr’t we yn wenje kinne

Fjoertoer yn it wâld
In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op, yn alderhanne foarmen. Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan Caravaggio yn ‘Midsimmer moardzjen’.

Arjan Hut oer syn nije bondel
‘Sjonger/skriuwer Mark Kozelek kaam nei Ljouwert ta yn it Kulturele Haadstêdjier 2018, krekt as in soad oare keunstners en talleaze toeristen. Ik gie nei Malta. Dêr gie it geroft dat ik pas foar it earst sûnt 1991 bûten Ljouwert kaam! Dizze ûntdekkingen, nije kontakten, ûnderfiningen​ wjerklinke yn​ Fjoertoer yn it Wâld.’ Lês ek it ynterview mei Arjan yn it Friesch Dagblad fan 27 juny 2020.

Foto: Lucas Kemper

Arjan Hut (berne yn Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sûnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dêr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stêdsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Yn 2019/2020 is Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004), 05/06 (Bornmeer, 2007), Tin (Afûk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afûk, 2016).

Boekgegevens
Fjoertoer yn it wâld
Auteur: Arjan Hut
Ferkeappriis: € 17,50
Tal siden: 71
ISBN: 978 94 93159 38 9
Utfiering: paperback
Foarmjouwing: Monique Vogelsang
Sjenre: poëzij
Afûk, Ljouwert 2020
websjop.afuk.frl