‘Fjoertoer yn it wâld’ is de nije dichtbondel fan Arjan Hut
ljocht waarmer as fjoer,
ljocht yn it ljocht,
ljocht dat fielt dat wy besteane,
ljocht dêr’t we yn wenje kinne
Fjoertoer yn it wâld
In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op, yn alderhanne foarmen. Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan Caravaggio yn ‘Midsimmer moardzjen’.
Arjan Hut oer syn nije bondel
‘Sjonger/skriuwer Mark Kozelek kaam nei Ljouwert ta yn it Kulturele Haadstêdjier 2018, krekt as in soad oare keunstners en talleaze toeristen. Ik gie nei Malta. Dêr gie it geroft dat ik pas foar it earst sûnt 1991 bûten Ljouwert kaam! Dizze ûntdekkingen, nije kontakten, ûnderfiningen wjerklinke yn Fjoertoer yn it Wâld.’ Lês ek it ynterview mei Arjan yn it Friesch Dagblad fan 27 juny 2020.

Foto: Lucas Kemper
Arjan Hut (berne yn Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sûnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dêr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stêdsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Yn 2019/2020 is Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004), 05/06 (Bornmeer, 2007), Tin (Afûk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afûk, 2016).
Boekgegevens
Fjoertoer yn it wâld
Auteur: Arjan Hut
Ferkeappriis: € 17,50
Tal siden: 71
ISBN: 978 94 93159 38 9
Utfiering: paperback
Foarmjouwing: Monique Vogelsang
Sjenre: poëzij
Afûk, Ljouwert 2020
websjop.afuk.frl