‘Abe en de Aardichman’ opnommen yn seleksje White Ravens 2023

Boeken fan Fryslan Frije tiid
16 oktober 2023
It boek Abe en de Aardichman fan Tialda Hoogeveen is selektearre foar de White Ravens 2023 fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.

Dit jier presintearret de White Ravens-katalogus in seleksje fan 200 opmerklike berne- en jeugdboeken út mar leafst 57 lannen en yn 39 talen. Yn totaal hawwe acht Nederlânsktalige boeken, ien Afrikaans boek en ien Frysktalich boek in White Raven krigen.

Abe en de Aardichman is skreaun troch Tialda Hoogeveen, sy is ek ‘Berneboeke-ambassadeur‘ 2023-2024. It is in sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangsten oerwint, foar bern fan 5 – 9 jaar. De yllustraasjes yn it boek binne fan de hân fan Yke Reeder.
De bekendmakking oer de White Ravens komt wylst dy prachtige yllustraasjes fan Yke Reeder op dit stuit ek noch te bewûnderjen binne op de BIB – Biennial of Illustrations Bratislava.

Oer it boek
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

De oanbefellingslist dy’t de International Youth Library fan de White Ravens makke hat, wurdt yn oktober presintearre op de boekebeurs fan Frankfurt (Frankfurter Buchmesse) en yn 2024 op de Kinderboekenbeurs yn Bologna.
Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy’t hjir te downloaden is. (Abe en de Aardichman stiet op side 48.)