Wethouder Sierd Vegelin van Achtkarspelen leest zijn neefje voor. Foto: Achtkarspelen

Achtkarspelse heiten ferrast mei Sipke-boekje

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
19 juny 2023
Yn de gemeente Achtkarspelen krigen alle bern fan twa oant en mei seis jier de ôfrûne wike it twatalige Gouden boekje 'Sipke leart fierljeppen' mei nei hûs. Tegearre mei de boekelizzer in ferrassing om heit of fersoarger kado te dwaan op heitedei.

Mei dizze aksje wolle Bibliotheken Noord Fryslân de heiten stimulearje om (mear) foar te lêzen oan harren bern. De heitedei-aksje is ûnderdiel fan it Taalplan Achtkarspelen. Dat plan moat it (foar)lêzen en de Fryske taal stimulearje. Yn Taalplan Achtkarspelen wurkje de gemeente Achtkarspelen, skoallen en berne-opfang, Cedin, SFBO en Bibliotheken Noord Fryslân meielkoar gear.

Wurdskat
Lêze en foarlêze fergrutsje de wurdskat en binne dêrom fan grut belang foar de ûntwikkeling fan in bern. Bern kinne troch mear begryp fan de taal better meikomme op skoalle.

Win in boekepakket
As ferfolch op de heitedei-aksje kinne bern fannewike ek noch mei harren heit of fersoarger op de foto yn de biblioteek fan Bûtenpost (21 juny) of de biblioteek fan Surhústerfean (22 juny). Dat is net allinne hiel gesellich en in moai  oantinken, mar kinst der ek noch in boekepakket mei winne! Makkest kâns troch dyn foto te mailen oan educatie@bnfrl.nl.