Advyskommisje Dichter fan Fryslân bekend

Oer it Frysk
18 july 2023
Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân? Yn novimber fan dit jier wurdt bekend wa't yn de fuotleasten komt fan de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma. Deputearre Steaten hawwe de advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. De kommisje bestiet fan ‘t jier út Sigrid Kingma, Ammerins Moss-de Boer en Céline Wierda.

De organisaasje oangeande de Dichter fan Fryslân leit yn hannen fan De Afûk. Wa’t him aanst Dichter Fan Fryslân neame mei, wurdt op 16 novimber bekend makke.

Ien kear yn ’e twa jier wurdt in nije Dichter Fan Fryslân keazen. Dy titel giet nei in dichter waans wurk heech skoart op kwaliteit, eigensinnigens en meartaligens. Affiniteit mei keunst, orizjinaliteit en presintaasje wurde troch de kommisje ek beoardiele. Mei de beneaming fan de Dichter Fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy yn it Frysk of in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân is ambassadeur fan de Fryske poëzij en skriuwt seis oant tsien Frysktalige gedichten by in sels keazen gelegenheid of aktuele barren.

Kommisjeleden
– Sigrid Kingma is de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân en studearre Nederlânsk en Frysk oan de ryksuniversiteit yn Grins. Se stiet bekend as poadiumdichter en debutearre yn 2016 mei de twatalige dichtbondel ‘Reade triedleas/Red wireless’.
– Ammerins Moss – de Boer hat Ingelsk en literatuer studearre yn Grins, Dublin en Belfast en is al mear as 20 jier wurksum as juridysk oersetter. Sûnt 5 jier set se har yn foar de Fryske taal en is bestjoerslid fan It Skriuwersbûn. Ferline jier is har Fryske oersetting útkaam fan in boek fan misdieskriuwer Brian McGilloway.
– Céline Wierda is makker en kultureel ûndernimmer. Resinte wurken binne NEPEN (2021) & BLOOTLEGGEN (2022 ). Se rjochte yn 2018 keunstfestival De Broeikas op. Op it stuit rjochtet se har foar Explore the North op it poadiumkeunstprogramma en koördinaasje fan it festival. Dêrneist koördinearret se it ûntwikkelingstrajekt # NieuweStukken.