Advyskommisje dr. Obe Postmapriis 2024 bekend

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
22 juny 2023
De advyskommisje foar de Dr. Obe Postmapriis kin oan de slach. Trije minsken út de wrâld fan de letterkunde bûge har de kommende tiid oer de fraach oan wa't de provinsjale oersetpriis takend wurde moatte. Dizze edysje jouwe Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde dêroer advys oan de provinsje.

Obe Postmapriis
De dr. Obe Postmapriis wurdt ien kear yn de fjouwer jier takend en is in priis foar de bêste literêre oersetting. De priis is net allinnich foar oersettingen út in frjemde taal nei it Frysk, mar ek út it Frysk wei nei in oare taal. De provinsje wol mei har literêre prizen wurdearring útsprekke foar de winner en syn/har wurk. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar.

De leden foar de advyskommisje binne troch Tresoar en de Fryske Akademy foardroegen oan de Fryske Deputearre Steaten. De kommisjeleden binne alle trije aktyf mei taal:

Maaike Andringa (1987)
Studearre Gryksk en Latyn (ma) en Frysk (ba) oan de Ryksuniversiteit fan Grins en hat dêrnei de oplieding ta dosint Frysk folge oan de NHL Stenden. Se wurket as dosint Frysk, Gryksk en Latyn oan it Piter Jelles Stedelijk Gymnasium. Dêrneist wie se earder meilêzer fan de resinte Tony Feitsma-biografy, lid fan de Maatskiplike Advysrie fan de Fryske Akademy en sjuerylid fan de gedichtoersetwedstriid fan de Gysbert Japicxpriis.

Marc van Oostendorp (1967)
Is heechlearaar Nederlânsk en Akademyske Kommunikaasje oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen en senior-ûndersiker oan it Meertens lnstituut fan de KNAW yn Amsterdam. Hy skriuwt hast alle dagen oer taal- en letterkundige ûnderwerpen foar it elektroanysk tydskrift Neerlandistiek dêr’t er ek haadredakteur fan is.

Rein Smilde (1957)
Studearre Frysk oan de Noardlike Leargongen yn Ljouwert en Frysk en lngelsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy wurke yn syn studintetiid mei Jelle Krol en Popke van der Zee oan in fersoersetting fan de Beowulf. Hy hat learaar lngelsk west oan de media-opliedings fan ROC Friese Poort yn Drachten.