Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019. Foto: Petra Kroon

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2021 beneamd

Boeken fan Fryslan
19 febrewaris 2021
Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde binne troch Deputearre Steaten beneamd as leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2021. Dy priis foar Frysk literêr wurk wurdt op sneon 6 novimber útrikt. Provinsje Fryslân, Tresoar, gemeente Súdwest Fryslân en de Gysbert Japicx Holckema Stichting organisearje yn dy moanne in literêr wykein yn Boalsert. Dêr sil de winner de priis yn ûntfangst nimme.

Der binne fan ’t jier gjin nominaasjes foar de priis. De Gysbert Japicxpriis jout erkenning foar de literêre kwaliteit fan de priiswinnende skriuwer. De skriuwer heart dêrmei by de literêre top fan Fryslân. Om de priis syn gerak te jaan, giet alle omtinken út nei de winner en syn of har wurk. It wurk fan de winner krijt in poadium yn it literêre wykein yn novimber. It literêre wykein wurdt opset mei ferskate literêre partijen.

Oer de advyskommisjeleden
Nynke Heeg is hikke en tein yn de Greidhoeke en wurket as freelance akteur foar telefyzje en ferskate teäterselskippen. Yn 2018 toerde sy mei de suksesfolle muzykteäterfoarstelling “SENANG” it hiele lân troch. Yn it Noarden wurket sy faak foar û.o. Tryater en Peergroup. Ek docht se wurk as stim-aktrise foar bygelyks Omrop Fryslân en SBS6. Yn 2020 is Nynke op de NHL úteinset mei it heljen fan har foech foar dosint Frysk.

Hein Jaap Hilarides is berne yn Sint Jabik. Hy folge in oplieding oan it Van Hall Instituut en studearre Ingelsk oan de NHL yn Ljouwert. Dêrnei studearre hy Ingelsk yn Grins en Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy is skriuwer en kultuermakker. Syn nijste roman, Beppe Xenia, is krekt ferskynd. It is diel 2 fan in kronyk oer de Biltske Wassenaars. Yn 2017 ferskynde it earste boek út de kronyk: De trekker fan Troje.

Jannes van der Velde studearre algemiene literatuerwittenskip en bedriuwskunde. Hy is yn it deistich libben wurdfierder en beliedsstrateech by de Algemene Werkgevers Vereniging Nederland (AWVN) en is as Afrika-saakkundige ferbûn oan DECP, in kennisprogramma fan de Nederlânske wurkjouwers yn lannen oer de hiele wrâld. Van der Velde wie ek mear as tsien jier bestjoerslid fan Tresoar en advisearre dêr ûnder oare oer ferbettering fan it literêre klimaat yn Fryslân.

Oer de priis
De priis wurdt ien kear yn ’e twa jier útrikt. It iene jier foar Frysktalich proaza en it oare jier foar Frysktalige poëzy. Yn 2021 wurdt de priis takend oan in dichter dy’t wurk publisearre hat yn de perioade 2017 oant en mei 2020. De priis waard yn 1947 troch it provinsjaal bestjoer ynsteld. De organisaasje is yn hannen fan Tresoar.

De foarige winner wie Aggie van der Meer (sjoch foto) dy’t yn 2019 de priis krige foar har folsleine oeuvre. De priis is neamd nei Gysbert Japicx (1603-1666), berne yn Boalsert. Gysbert Japicx is de bekendste Fryske renêssânseskriuwer. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as modern skreaune taal.

Mear ynformaasje oer de priis is te lêzen op de webside de literatuerwebside Sirkwy fan Tresoar.