Afûk jout boek út om hûnen Frysk te learen

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Uncategorized @fy
30 septimber 2019
Altyd al Frysk leare wollen, mar gjinien om mei te oefenjen? Foar hûnebesitters hat de Afûk no de oplossing: ‘Leer je hond Fries’. Mei dit boekje learst dysels en dyn hûn stap foar stap Fryske wurden en sinnen. It boekje wurdt op freed 4 oktober oanbean oan Yuki, de hûn fan reedrydpear Jorrit en Heather Bergsma. Heather en Yuki sille it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme yn de Afûk-winkel. ‘Leer je hond Fries’ is in Fryske bewurking fan it eksimplaar út Wales. In boek fan de Welske útjouwer Y Lolfa mei yllustraasjes fan Anne Cakebread.

It boek is in idee fan projektlieder Mirjam Vellinga: “It begûn as in geintsje, in idee foar in 1-aprilgrap om ek kursussen Frysk foar húsdieren te organisearjen. Mar lykas sa faak waard dy grap al gau wat serieuzer. Ik kaam in artikeltsje tsjin oer in ûndersyk nei de taal dy’t tsjin húsdieren praat waard en koart dêrnei op Twitter in ôfbylding fan it boekje ‘Teach your dog Welsh’. It boekje stie al wiken yn de top 10 fan bêst ferkochte boeken yn Wales. Fan dat boekje komt no in Fryske bewurking út.”

It earste eksimplaar wurdt op dieredei oanbean oan Yuki, mar ek oare hûnen en hûnebesitters binne wolkom by de presintaasje. Alle oanwêzigen geane nei hûs mei in doggybag, mei dêryn it boek ‘Leer je hond Fries’ en in aardichheidsje foar de hûn.

Fan 4 oktober ôf leit ‘Leer je hond Fries’ yn de winkel fan de Afûk en oare boekwinkels. Neist hûnebesitters is it boek ek hiel geskikt foar minsken dy’t it Frysk sels op in leechdrompelige wize leare wolle of foar wa’t siket om in écht Frysk kadootsje.