Afûk-meiwurkers jouwe boeketips foar folwoeksenen

Frije tiid Oer it Frysk
8 juny 2020
De ôfrûne perioade waarden hiel wat boeken opfretten, dus wy kinne ús goed foarstelle dat elkenien wol wat nije boeketips brûke kin. Meiwurkers fan de Afûk hawwe dêrom harren favorite boek(en) foar dy op in rychje setten. Ynkoarten folget diel 2 mei in tal berneboeken, mar no earst tips foar folwoeksenen!  

Ernst Bruinsma, útjouwer by de Afûk
De lippebiter fan L, De Achttjin en De Ntrije55
“As lêzer bin ik in rophals. Altyd al west. As foargerjocht begjin ik mei De lippebiter fan L. fan Anne Feddema. Ik krij altyd in goed sin fan it boartlike fan syn wurk, fan it ûntregeljende en fan syn enoarme yntellektuele kapitaal. As haadgerjocht kies ik De Achttjin fan Aggie van der Meer. In boek dêr’t beslist byt oan sit, mar elk dy’t fan Fryske boeken hâldt, moat it in kear priuwe. De kearn fan har boek? ‘Fragen sûnder antwurden binne gjin lêst, mar fragen dêr’t minsken gjin antwurd op doare te jaan, taaste it tinken oan’. As neigerjocht kies ik in fers út de nijste dichtbondel fan Elske Kampen: De Ntrije55. Dizze fynpriuwer fan de Fryske literatuer, dy’t har op folslein autentike wize alle kearen wer mei hert en siel har oerjout oan de wurden, de taal, skriuwt sterke gedichten dy’t tige persoanlik binne en tagelyk ek fan in abstrakt soart skientme.”

Ciska Noordmans, sekretaresse by de Afûk
Sweltsjes fan Gaast
“‘Dyn favorite boek’ wurdt my frege. En dan ek noch yn it Frysk, leafst te krijen by de Afûk. Dêr moast ik even oer neitinke want myn leafste moaiste boek feroaret elke kear wer. Ik dream fuort by Jonathan Livingston Seagull fan Richard Bach mar dy lies ik yn it Ingelsk foar de list, ik fyn Dingemans krijt wjukken fan Eppie Dam sa fantasyryk dat ik dy ek mear as ien kear lêzen ha en Silke & Miss Dee is de aldermoaiste dy’t krekt útkommen is en foldocht oan de betingsten. It ferhaal en de yllustraasjes binne in moai gehiel. Boppedat fyn ik dat dy útjefte hiel moai fersoarge is. Mar der stiet noch ien op myn boekeplankje dy’t it lêzen mear as wurdich is: Sweltsjes fan Gaast fan Theunis Piersma (oeps, mar útjûn troch Bornmeer).

It ferhaal is hiel tagonklik skreaun mei orzjinele fynsten foar de nammen fan de haadstikken. Dat makket it foar taalleafhawwers noch leuker om te lêzen. Want ik fyn it boekwurkje écht leuk! It giet yn op it libben fan sweltsjes yn Gaast. It is gjin roman, gjin thriller mar like nijsgjirrich en spannend. 125 siden lang giet Piersma hiel detaillearre yn op de sweltsjes; hy is ek net foar neat trekfûgelekolooch fansels. En krekt fanwege de details is it hiel ynformatyf (dat fyn ik ek altyd hearlik!) én komysk, omdat de ferskillen en it gedrach fan dy lytse fûgeltsjes sa ûnder it fergrutglês lizze. In oade oan de sweltsjes en oan Fryslân.”

Renske van der Meer-Pasma, projektmeiwurker ûnderwiis by de Afûk
Tin iis
Foar myn Afûk B-eksamen moast ik in tal boeken lêze. Dat wie gjin straf, want ik bin in echte letterfretter. Ien fan de titels wie Tin iis fan Tiny Mulder. Ik lês graach boeken en ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch en dit boek giet oer de eigen ûnderfiningen fan de skriuwster yn de oarloch.

Tiny Mulder wenne tichtby ús en ik kaam har wolris tsjin, dat makke it lêzen oer har wurk as koerierster yn it ferset foar my ekstra spesjaal.
It is in spannend boek en it lêst flot. De titel jout al oan dat der ek wol wat yn sit om oer nei te tinken.

Nijsgjirrich wurden? Klik hjirûnder om dyn favoryt te bestellen: