Foto: Istock

Afûk-meiwurkers jouwe boeketips foar pakjesjûn

Frije tiid Oer it Frysk
27 novimber 2020
Alle kado’s al yn hûs of op de falreep noch wat skoare? Pakjesjûn komt hieltyd tichterby en ast noch net alles yn hûs hast kin dat dizze wike noch. Afûk-meiwurkers helpe dy in hantsje want sy jouwe tips foar de moaiste kadootsjes foar pakjesjûn.

Dieuwke van der Meer, haadredakteur heit&mem  
Tútsje derop!

“Ik lês wol gauris it boek Tútsje derop! mei ús Jilles fan twa jier. It boek is fan stevich karton, dat fyn ik mei sa’n rûchhouwer as Jilles al in pluspunt. De tekst is op rym en der sit werhelling yn. Dat fine bern no ien kear prachtich. Jilles ek. Hy makket de sinnen graach foar my ôf. Mar it aldermoaiste oan dit boek is dat der pleisters by sette. En dy pleisters kin Jilles sels op it seare plakje fan de bistkes yn it boek dwaan. De pleisters kinst hieltyd mar wer brûke en dat soarget foar ûneinich lês- en plakwille. Wat my oanbelanget in musthave foar yn de boekekast foar de pjut.”

Renske van der Meer, projektmeiwurker ûnderwiis 
Pippi Langkous, Karlsson fan it dak, De GFR en Ik tel oant 100

“Ik bin in grut fan fan Sinteklaas en faak al tiden fantefoaren dwaande mei it sykjen fan leuke kadootsjes. Us bern krigen altyd in (Frysk) lêsboek. Boeken fan skriuwers as Astrid Lindgren en Roald Dahl binne by ús favoryt. Tiidleas en fol humor! Wat moai dat der no ek titels fan dy skriuwers yn it Frysk te krijen binne, sa as: Pippi Langkous, Karlsson fan it dak en De GFR.
It boek Ik tel oant 100 is in grut sukses by myn tantesizzers. Se reitsje net útteld en -sjoen. Om de sek fol te krijen, soargje ik ek altyd foar in soad lytsere pakjes. Dêrfoar keapje ik dingen as: it planblok, de sadelhoes en Tomke rútstickers.”

Ytsje Steen, korrektor by de Afûk 
It Spûkskip, De raven

“Foar bern fan 10 jier ôf (mar ek foar folwoeksenen hiel leuk om te lêzen!) soe ik It Spûkskip fan Lida Dykstra oanriede. Dêr sit safolle yn: spanning, aventoer, ferwûndering, fertriet, freugde, humor. En elk ferhaal is wer hiel oars. It is sa’n boek dat je faker lêze kinne as ien kear. It nimt je mei nei oare wrâlden, fier fuort en tichtby. Ek hiel geskikt om foar te lêzen, omdat it allegear losse ferhalen binne.

Foar folwoeksenen soe ik De raven fan Elske Schotanus neame wolle. In boek dat je meinimt en wêrby’t je je hieltyd ôffreegje wat no echt bard is en wat net. It is in ferhaal yn de foarm fan in feuilleton op Facebook, en dêrtroch komt it hiel tichtby. Alles wurdt ek hiel libbensecht en natuerlik beskreaun, mei de noadige humor. Yn in boek moat altyd humor sitte, fyn ik. Oars mist der wat.

It boek Koning van Katoren fan Jan Terlouw bliuwt noch altyd myn eigen favoryt. Dat ha ik tsien jier lyn op eigen inisjatyf oersetten (mei as titel ‘Kening fan Katoaren’) en útjaan litten, omdat ik it sa’n prachtboek fûn. Ik kin dat altyd wol wer opnij lêze, en alle kearen docht it my wer wat. Dêr bin ik noch altyd bêst grutsk op. “

Elisabeth Abels, haad winkel by de Afûk
Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat, Mijn vrouw is uitgenaaid, Bartele Bûse

“Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat, om’t it sa’n leaf boekje is en no te krijen is yn in miny-edysje. Kin sa yn in slúf of yn de skoech. Wa is der no net grut wurden mei it ferhaal fan de mol?

Mijn vrouw is uitgenaaid 1 en 2 binne beide prachtich om kado te jaan. De ultime manier om dyn famylje sjen te litten hoe leuk oft de Fryske taal is en hoe’tst boartsje kinst mei taal. Ek te brûken mei in kursusfolder deryn as hint fan Sint!

Bartele Bûse is in klassiker, dy’t wer opnij útjûn is. Sa leuk skreaun troch Berber van der Geest. Stap efkes yn de holle fan Bartele Bûse en belibje syn aventoeren.”

Nijsgjirrich wurden? Klik hjirûnder om dyn favoryt te bestellen:  

Tútsje derop!
Pippi Langkous
Karlsson fan it dak
De GFR
Ik tel oant 100
It Spûkskip
De raven
Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat
Mijn vrouw is uitgenaaid
Bartele Bûse