©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Afûk sammelet ferhalen Karavaan van de Vriendschap

Boeken fan Fryslan Frije tiid
30 july 2021
Op 30 july wurdt de ynternasjonale Dei fan de Freonskip fiert. Dy dei is dêrom de ideale start foar it ferfolch fan de Karavaan van de Vriendschap. De Karavaan bringt gesellichheid op iepenbiere lokaasjes mei muzyk en oandacht foar de ferhalen fan inoar. De ferhalen sille no troch de Afûk sammele, bondele en publisearre wurde yn de taal fan de ferteller.

Alex de Jager, direkteur fan de Afûk:  “De Karavaan lit sjen dat taal minsken ferbynt, hokker taal sy ek brûke. Freonskip kin net sûnder taal, taal ropt freonskip op. De ferhalen dy’t wy mei De Karavaan ophelje, sille letter wer brûkt wurde foar aktiviteiten foar âlderein. Dêrmei lizze wy de ferhalen net allinne fêst, mar jouwe wy se ek wer troch.”

Yn 2020 begûn Simon Vuijk, sjoernalist en as kultuermakker ferbûn oan Podium Harlingen, mei de de Karavaan van de Vriendschap om iensumens oan te pakken. Mei de Karavaan hat er yn de gemeente Ljouwert freonskip siedde en minsken motivearre om kontakt te meitsjen én ûnderlinge ferbining te fersterkjen yn benammen de eigen omjouwing. Simon: “We willen vriendschap zaaien door middel van taal en muziek. Door oud en jong laagdrempelig te verbinden proberen we eenzaamheid te verlichten en de samenleving mooier en beter te maken.”

Elke earste freed fan de moanne fytst Simon op syn bakfyts, tegearre mei trûbadûr Bruno Rummler, troch Fryslân om op iepenbiere plakken freonskip te siedzjen mei help fan taal en muzyk. De earste etappe set op 3 septimber útein yn de gemeente Noardeast-Fryslân en sil fia Ferwert, Reitsum en Raard gean en yn Dokkum einigje.