Foto: argyf Afûk

Afûk tekenet ‘Bijenpact’

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
18 novimber 2019
De Afûk hat ôfrûne freed in ‘Bijenpact’ sletten. Dat hâldt yn dat der no in krúsbestowing fêstlein is tusken de bioferskaat en de Fryske taal. Mei noch 16 oare organisaasjes slacht de Afûk de hannen ynien om oplossingen te betinken foar de grutte stjerte ûnder bijen.

De Afûk sil yn ferskillende projekten en op ferskate wizen de ferbining sykje en sjen litte tusken bioferskaat en taalferskaat. ‘Der bestiet in sterke link tusken it Fryske lânskip en de Fryske taal. Sûnder in omjouwing dy’t ryk is oan (bio)ferskaat ferearmje de taal en it taallânskip. Ferskaat fine wy fassinearjend en fan belang foar ús omjouwing, oft it no giet om taalferkskaat of bioferskaat,’ sa seit Alex de Jager, direkteur fan de Afûk.

Mear ynformaasje op www.silenceofthebees.eu.