Afûkside sneon 29 oktober alhiel yn it teken fan de Fryske Boekewike
Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks ek aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it Frysk yn it ûnderwiis. Op de Afûkside presentearje wy alle moannen in seleksje fan produkten en projekten oan de krantelêzers. Gjin Ljouwerter of Deiblêd? Download de side fan sneon 29 oktober 2022 hjir.
Mear witte oer it wurk fan de Afûk? Sjoch dan ek ris op dizze webside by ‘Oer de Afûk‘ en/of abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief om op ‘e hichte te bliuwen.