Afûkside yn de Ljouwerter Krante

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
5 juny 2020
Fan juny oant en mei (foarearst) desimber 2020 ferskynt op alle earste sneonen fan de moanne in side fan de Afûk yn de Leeuwarder Courant. In side mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei ûnder oaren nijsgjirrige boeketips en in ‘blinder of blunder’. De earste is der moarn, sneon 6 juny al!

Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy ek aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it Frysk yn it ûnderwiis. Mei de Afûkside yn de krante wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe.

Nijsgjirrich? Sjoch dan ek hjir ris: ‘oer de Afûk‘.