Afûkwinkel ‘popt-up’ yn OBE

Boeken fan Fryslan Frije tiid
1 desimber 2020
Mei yngong fan tongersdei 3 desimber is de Afûk Fryske boek- en kadowinkel ek te finen yn OBE, it poadium foar literatuer, keunst en taal oan it Heer Ivostraatje yn Ljouwert. De winsk foar in ‘pop-up’ winkel, wat tichter by it winkeljend publyk yn de Ljouwerter binnenstêd, bestie al langer. No is it safier.

It team fan de Afûkwinkel is entûsjast: ‘Wy krije yn OBE in prachtich plakje oan de foarkant, op de hoeke foar Brasserie Maria Louise oer en dêrtroch goed sichtber foar publyk út de Kleine Kerkstraat én parkeargaraazje Oldehove. Us winkel oan de Bûterhoeke leit dochs krekt wat fan de rûte en giet boppedat skûl efter OBE. Wy tinke dat de ‘pop-up’ winkel in moaie oanfolling is op de besteande lokaasje en dat we op dizze wize ek nij publyk kennis meitsje kinne litte mei ús unike oanbod.’

De ‘pop-up winkel’ fan de Afûk yn OBE is ynearsten in eksperimint foar de perioade fan ien (desimber)moanne. De iepeningstiden binne, útsein op snein, gelyk oan dy fan de eksposysje NOORDZICHT fan Zoltin Peeter dy’t oant en mei 3 jannewaris 2021 by OBE te sjen is, nammentlik tongersdeis, freeds en sneons, alle kearen fan 13.00 oant 17.00 oere. Yn de tydlike winkel sille benammen de nijste en meast populêre (berne)boeken en produkten in plakje krije mei dêrnjonken in seleksje fan útjeften dy’t oanslute by it besteansrjocht fan OBE en de rinnende eksposysje. De boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke is en bliuwt dêrnjonken ek gewoan iepen.

‘Nei de desimbermoanne besjogge we hoe’t it gien is en sille we beslute oft wy faker of langer by OBE uppoppe sille’, seit Elisabeth Abels. En dan mimerjend: ‘Of miskien wol op in oare lokaasje ….’