11 novimber is de dei … de earste Fryske Freed!

11 novimber

Hjoed lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is it elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed. It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten troch minsken oan te moedigjen it Frysk faker te brûken. Dus: wat dochsto yn it Frysk op Fryske Freed? It kin fan alles wêze, lyts of grut, lit dyn kreativiteit gean en diel it mei ús mei #FryskeFreed! Mear ynfo? Sjoch praatmarfrysk.nl.