Feest by de byb yn Sint Anne

6 oktober

De bibleteek fan Sint Anne bestiet hjoed 100 jier en dat fertsjinnet in feestje. De hiele dei is elkenien fan herte wolkom by de festiviteiten foar lyts en grut. Sa is der in speurtocht troch de byb, wurdt der foarlêzen, binne der workshops, spultsjes en muzyk. Us kollega Mirjam Vellinga is ek oanwêzich en fertelt mear oer it wurk fan de Afûk en benammen wat wy dogge yn it ramt fan meartaligens. Fierder sil sy tegearre mei Gerda Cuperus (Bildtse trener Psychology fan dyn Taal) it ien en oar fertelle oer de workshop Psychology fan dyn Taal. Ynteressant én gesellich! De kofje stiet klear. Foar mear ynformaasje sjochst op ontdekdebieb.nl.