Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA fertelt oer ynteraktyf foarlêzen by meartalige bern

13 maart

Frysk is lang net de ienige minderheidstaal. Dêrom bondelje in protte lytse talen faak de krêften om te sjen hoe’t sy sterk wurde en bliuwe kinne. Hjoed praat de Berneboeke-ambassadeur dêrom op NHL Stenden oer it befoarderjen fan ynteraktyf foarlêzen by meartalige bern. In ynternasjonaal projekt fan Mercator en Erasmus. Doel: kennis ûntwikkelje oer goede, meartalige printeboeken en boppedat: ynteraksje yn petearen oer de boeken en ynsetten fan thústalen yn dy petearen.