Presintaasje magazine ‘Taal yn ‘e soarch’

24 maart

Hjoed is de earste edysje fan De ‘Rede foar de geast’ yn Theaterkerk Nes. Dy earste edysje giet oer it belang fan (streek)taal yn ’e geastlike sûnenssoarch. De Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, de hear A. Brok, sil de earste ‘Rede foar de geast’ útsprekke. Ek wurdt it nije magazine ‘Taal yn ’e soarch’ fan de Afûk dy middeis offisjeel oanbean oan geneesheer-directeur fan GGZ Friesland, Houkje Tamsma. It magazine, spesjaal bedoeld foar professionals yn ’e geastlike sûnenssoarch, giet oer it belang fan it prate kinnen fan de memmetaal yn soarchsituaasjes. Tickets foar de middei binne hjir te bestellen.