Iepen dei Bistedokter Grou

18 maaie

“Op sneon 18 maaie stelle wy ús nije pân iepen foar publyk. Op de iepen dei krije jo in unyk blik efter de skermen. Altyd al ris witte wollen hoe’t wy in bist tariede op in operaasje en wêr’t er wekker wurde mei? Benijd watst sjochst troch de mikroskoop as in kat blaasûntstekking hat? In gokje weagje hoefolle pups oft wy sjogge op in röntgenfoto fan in heechdrachtige hûn? Om 11 oere wurdt de praktyk offisjeel iepene, troch Rixt van der Horst! Dy Grouster is mei har hynder Eisma’s Akuna Matata op wei nei goud op de Paralympyske Spelen fan 2024 yn Parys. Graach sjogge wy jimme tusken 10 -15 oere by de Bistedokterspraktyk yn Grou!”