Foto: Fryske Akademy

Akademydei 2021

10 septimber

De Akademydei is de jierbyienkomst fan leden, donateurs en relaasjes fan de Fryske Akademy. Op dizze 83ste dies natalis hâldt de direkteur-bestjoerder in taspraak, is der in lêzing fan rev. dr. Simon Coupland fan de Universiteit fan Cambridge oer it spoar fan de Skandinaviërs yn Fryslân, binne der koarte projektpresintaasjes fan Akademymeiwurkers oer ferskate aspekten fan meartaligens; meartalige geletterdheid; it Nederlânsk-Frysk wurdboek en de driuw nei it noarden yn de 19de iuw. Fierder is der in boekoanbieding fan proaza en poëzy fan Jouwert Jouwertsma en sille der âlderwenst nije leden beneamd wurde. En de Afûk is oanwêzich mei de nedige boeken!