Foto: Marleen Annema

BBA begjint toernee yn SWF

5 septimber

Hjoed begjint Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra har toernee by de skoallen yn de gemeente Súdwest-Fryslân del. De ôftraap is op de Sint Martinusskoalle yn Makkum. Dêr is de BBA te gast om yn de groepen 1 oant ’e mei 8 te fertellen, foar te lêzen en fragen te beäntwurdzjen. Nei ôfrin krije de bern allegear, lykas wenst, de spesjale BBA-boekelizzer kado. Mear ynformaasje op www.berneboekeambassadeur.frl.