©Foto: Hoge Noorden / Jacob Van Essen

BBA mei de lêskiste nei it Holdersnêst yn de Harkema

23 maaie

Hjoed sil de Berneboeke-ambassadeur nei de Harkema. In bekend plak, want dit is wêr’t it allegear begûn. Op dizze skoalle, it Holdersnêst, mei alle learlingen der by, krige de BBA har amtstketen omhongen troch de Berneboargemaster fan Achtkarspelen. Hjoed sil sy del by de groepen 2, 3 en 4. Mei de nije lêskiste fansels, dy’t de skoalle fergees krijt fan de gemeente  Achtkarspelen.