Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by De Librije op De Gordyk

10 septimber

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur nei PCBS De Librije op De Gordyk om mei de bern fan de groepen 4, 5 en 6 oan de slach te gean. De bern sille fan alles hearre oer it skriuwen fan boeken, en ûnder lieding fan de BBA oan it kreatyf skriuwen. Foar elkenien dy’t ek sin hat om kreatyf oan de slach te gean mei skriuw-, teken-, nifel- en toanielopdrachten: de lesbrieven by alle boeken út de Lêskoffer binne fergees te downloaden op de webside www.berneboekeambassadeur.frl.