Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by De Tarissing yn Rinsumageast

9 maart

De bern fan De Tarissing yn Rinsumageast ûntfange hjoed de Berneboeke-ambassadeur. Sy sil de wurkwinkel ‘Meitsje dyn ferhaal moaier’ jaan yn de groepen 5/6, 7 en 8. De bern skriuwe ûnder har begelieding Fryske ferhaaltsjes. Lida jout dêrby tips en fertelt har skriuwgeheimen. Sssssst …..! De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.