Marije Buma wint it Lyts Frysk Diktee 2024
Der dienen yn totaal 46 learlingen fan 22 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwer Jan Minno Rozendal skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Jan Minno Rozendal is bekend fan ûnder oaren it boek Tie Break (2024).
De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

2024 Lyts Frysk Diktee alle dielnimmers en de organisaasje – foto Jacob van Essen Hoge Noorden