Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by Dr. J. Botkeskoalle yn Damwâld

23 maart

Yfm de korona-maatregels kin de besite fan de BBA net troch gean. Yn oerlis wurdt der in nije datum socht. Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur nei de Dr. J. Botkeskoalle om yn groep 1 en 2 ynteraktyf foar te lêzen en oan de groep 5 en 8  de wurkwinkel ‘Meitsje dyn ferhaal moaier’ te jaan. Om’t de skoalle de Lêskoffer mei tsien boeken besteld hat (lesbrieven fergees te downloaden), kinne de learkrêften nei de besite fan de BBA sels maklik fierder mei allerhande praat-, skriuw-, nifel- en toanielopdrachten. Do kinst de BBA ek útnûgje op dyn skoalle! Mar, se komt ek graach by bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.