BBA op besite by It Leech, Penjum en De Utskoat, Wytmarsum

21 septimber

Hjoed giet Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra nei twa basisskoallen. Moarns is se te finen op It Leech yn Penjum, middeis rydt se troch nei OBS De Utskoat yn Wytmarsum, om dêr te fertellen oer de boeken út de Lêskoffer, oer it skriuwproses en alles wat de bern mar witte wolle. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.