BBA op besite by SSBO De Súdwester, Snits

14 desimber

Hjoed ûntfange de groepen 4 en 5 fan SSBO De Súdwester yn Snits Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra. Sy sil oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer fertelle en foarlêze en fansels meie de bern al har fragen stelle. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.