Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op besite op skoalle De Skulpe yn Hylpen

27 maart

De Berneboeke-ambassadeur is der net allinnich foar it Frysk, ek de Fryske streektalen krije oandacht. Lykas it Hylpers. Sels kin de Berneboeke-ambassadeur de taal net lêze, mar prate oer meartaligens kin wol! De learlingen fan basisskoalle De Skulpe bygelyks krije ien kear yn de 14 dagen les yn de Hylpertaal. Wa wit kin ien fan de bern har Aete en ame plús foarlêze!
De Berneboeke-ambassadeur komt fergees ek by jimme del, sjoch op de website.