Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op CBS De Reinbôge Twizelerheide

10 july

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur oanwêzich by de groepen 2, 3 en 4 fan CBS De Reinbôge. Lytse groepen. Alle tiid en romte dus om foar te lêzen, te fertellen en fragen te beäntwurdzjen. De besite is part fan de toernee troch de hiele gemeente Achtkarspelen, by alle skoallen del! Want de skoalle ûntfangt hjoed fan de BBA de lêskiste mei tsien Fryske berneboeken, in geweldich kado dat sy fergees krije fan de gemeente Achtkarspelen.